Za

11

oktober

De Gysbert Japicxpriis Twatûzen Fiifentweintich giet nei ...

ELMAR KUIPER

Foar syn bondel Ferlosboartsje hat de Fryske dichter Elmar Kuiper op alve oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis krigen. Deputearre Eke Folkerts rikte dizze wichtichste literêre priis fan Fryslân út yn in feestlike gearkomste.