Wo

24

april

Ensafh nûmer 1, 2019

Frysk literêr tydskrift

Alweer de elfde jaargang van dit Frysk literêr tydskrift. In deze rijke uitgave een uitgebreide beschouwing van Teake Oppewal over de Frysk-Ingelske blomlêzing 'Swallows and Floating Horses' onder de titel Swiid panorama oer de iuwen' (Francis Boutle Publishers, London 2018). Verder bijdragen van Hidde Boersma, Piter Boersma, John Bosma, Job Degenaar, Ypie Haitsma-Bakker, Ineke van der Heide, Harmen Hospes, Margreet de Jong, Elske Kampen, Nelleke Lamme-den Boer, Ewa Lipska, Pieter Postma, Jacobus Q. Smink, Geart Tigchelaar, Willem Verf, Nyk de Vries, Cornelis van der Wal en Carla van der Zwaag.

 

Flechtling

 

Frij de loft wa’t dêryn fleant

in net teskuorde wrâld sjocht

fan wolkens, wikseljend fan foarm

en kleur, in oansûgjend himelblau

 

en ûnder him in lânskip

dat linkendewei feroaret

en wat dêryn beweecht

feroaret fan natuere mei

 

Mar down to earth is frijheid tafal

en wa’t op ’e drift is foar in oarloch

is as in krobbe dy’t in sânbult

oer wol, mar werom- en op syn rêch falt

 

En soms skoot in opperwêzen

dat syn sparteljen achtslacht

him noch in sânstoarm ta

wannear’t er hast boppe is

 

 

Oersetting: Geart Tigchelaar  (út Hertenblues, twadde drok 2018)